Wolkom by seksje Frysk fan Levende Talen,
De Seksje Frysk is ien fan de fyftjin taleseksjes fan De Vereniging van Leraren in Levende Talen.
It doel fan de Seksje Frysk fan Levende Talen is it behertigjen fan de belangen fan dosinten Frysk èn fan oaren dy’t dêr beropsmjittich mei te krijen hawwe, lykas learare-oplieders, begeliedingstsjinsten en útjouwers.
Dêrneist wol de seksje Frysk him ynsette foar it befoarderjen en ûntwikkeljen fan it ûnderwiis yn it Frysk, benammen yn it fuortset ûnderwiis.
De VLLT is ek in fakbûn foar alle taledosinten yn Nederlân.
De taleseksjes fan Levende Talen binne selsstannige ferieningen mei elk in eigen seksjebestjoer. Sy hawwe in ôffurdiging yn it haadbestjoer yn Utert.
It seksjebestjoer Frysk fielt him graach stipe troch dosinten Frysk en oare meiwurkers yn de Fryske ûnderwiiswrâld. Sy kinne dat sjen litte troch harren lidmaatskip fan Levende Talen.