Aktiviteiten/ús spearpunten
- Organisaasje fan it kongres Fierder mei Frysk foar alle dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis en harren direksjes.
- Stimulearring fan it gebrûk fan standerttoetsen foar it mjitten fan learopbringsten Frysk (Frisia-toetsen) en publikaasjes dêroer.
- Artikels yn ús tydskrift oer ûntjouwingen yn it skoalfak Frysk.
- Meiwurking oan it Drongo-festival foar meartalichheid en minderheidstalen.
- Advisearring oan oare seksjes, benammen fan minderheidstalen, om ús meiinoar sterk te meitsje wêr’t it nedich is.
- Oerlis mei steateleden fan de Provinsje Fryslân en oaren dy’t belutsen binne by ynfiering fan de nije wet- en regeljouwing.
- (Nije) Leden entûsjast meitsje foar ús mienskiplik doel, it ûnderwiis yn it skoalfak Frysk.